De Buitenplaats

Nederlands | Frysk

Restaurant & Bar

De Buitenplaats beskikt oer in folslein modernisearre restaurant mei in eigentiidske en gesellige oanklaaiing. Der is in hearlike sithoeke by it hurdfjoer en der steane tafels mei noflike  stuollen dy’t jo in prachtich útsicht jouwe op it gesellige Earnewâld. Jo kinne boppedat gesellich neisitte yn de Scheepsbar, dit kafee is oanklaaid yn smûke nautyske sfear. Op ús romme terras oan iepen farwetter kinne jo genietsje fan de sinne-ûndergong en de natoer.

De Buitenplaats is mear as in restaurant mei in poerbêste keuken

Foar jo kongres, seminar of bedriuwsfeest beskikke wy oer in multyfunksjoneel Grand Theater en romme foyer. Us noflike gearkomsteromten binne foarsjoen fan hjoeddeiske technyk. Sa kinne wy foar elk evenemint in geskikt programma meitsje; oft it no giet om 8 of 800 gasten. Ek foar de ynfolling fan jo famyljedei, bedriuwsevenemint of personielsfeest ha wy in protte mooglikheden. It Bezoekerscentrum Nationaal Park “ De Alde Feanen” en it Fries Landbouw Museum binne yn itselde gebou fêstige.

Mei de natoer foar de hân is jo arranzjemint in garandearre sukses, want op de Buitenplaats soargje wy der foar dat jo bûtengewoan genietsje kinne…Freegje nei de mooglikheden, jo binne wolkom.

Contact

De Buitenplaats
Koaidyk 8
9264 TP Earnewâld

Vragen? Bel ons!

T: 0511 53 94 70
T: 06 839 666 29
E: info@de-buitenplaats.nl

Bekijk video

Copyright © 2008 - 2015 De Buitenplaats - restaurant • zalen • events. Alle rechten voorbehouden.

Realisatie: Pronamic, Teksten: CommU2.